Springe nei ynhâld

Wigle Engelsma

Ut Wikipedy

Wigle Engelsma (1953) is in Fryske keunstner út Koudum. Hy is berne op in skûtsje en groeide by it wetter op. Wigle gie nei de MTS en studearre wurktúchboukunde. Op de keunstakademy Vredeman de Vries en Akademy Minerva studearre hy monumintale foarmjouwing en tekenjen/skilderjen.

Wigle Engelsma fart mei syn skûtsje op de Fryske marren, it Waadseegebiet en de Eastsee. Underweis makket er dan sketsen dy't hy letter yn syn atelier útwurket mei akrylferve, pastel of conté yn skilderijen en tekeningen. Dit bart de iene kear op doek, mar in oare kear efterop lânkaarten, seildoek en sa. It giet him mear noch as de foarm om de sfear út te drukken.

Romtelike objekten makket er ek yn de foarm fan markante foarmen. Hy brûkt hjirfoar brûns, hout, waarfêst stiel. Mar ek fan âld izer en masineûnderdielen, as it der mar solide en robúst útsjocht. Mei in tal jongeren makke er it byld "Sprong fan Ald nei Nij" yn de Snitser wyk Sperkhim.

Wiegersma krijt in soad opdrachten fan gemeenten. Hy hat eksposearre yn It Damshûs yn Nij Beets, Peter Bax en yn it bûtenlân.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]