Whitstran (Washington)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Whitstran
Sifers
Hichte 207 m
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington.
County Benton County
Oar
Stifting 1907
Postkoade 99350
Tiidsône Pacific (PST) UTC-8
*Simmertiid UTC-7


Whitstran

Whitstran is in gemeentefrij doarp yn Benton County yn de Amerikaanske steat Washington. It leit 6 km noardeastlik fan Prosser en 16 km bewesten Benton City. Der is in fûraazjehannel, in winkeltsje en in legere skoalle.

It begjin fan it doarp wie doe yn 1907 doe in ûntjouwer út Seattle, Charles Jorgen Smith, in stik lân kocht. It buorskip wat der ûntstie waard earst Valley Heights neamt en letter ek wol Swede Settlement om it tal Skandinaavjers dy lân kochten yn'e omkriten. It spoar kaam hjir yn 1911 en it plattegrûn waard ûntwurpen troch Mary Biggam. Yn 1916 waard de earste winkel boud. Nei 1919 waard de namme fan it doarp feroare yn Whitstran.

Hjoeddedei libbet it doarp benammen fan de lânbou.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]