Vivaldi (webblêder)
Vivaldi | |
---|---|
| |
Untwikkelder | Vivaldi Technologies |
Meast resinte ferzje | 1.7/ 8 february 2017 |
Lêste bêtaferzje | 1.8/ 2 maart 2017 |
Platfoarm | Linux, OS X, Windows |
Kategory | Webblêder |
Lisinsje | Freeware |
Webstee | vivaldi.com |
Vivaldi is in webblêder basearre op Chromium. De oarspronklike ferzje is fan 2016.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1994, twa programmearders begûnen te wurkjen oan in web sneuper. It idee wie om in hiele flugge sneuper te meitsjen, dy't rinne koe op beheinde hardware, mei yn de efterholle dat brûkers as yndividu har eigen easken stelle. Opera wie berne.
Us lyts stik sêftguod foel op, en ús groep groeide, en dêr ûntstie in mienskip. Wy bleaunen tichtby ús brûkers en woartels. Wy ferbetteren ús sêftguod op basis fan tebekwurd fan brûkers, en ek ús eigen ideeën makken it ta in fantastyske sneuper. Wy fernijden en stribben nei it bêste fan alles.
Fluch foarút nei 2015. De sneuper dy't wy leaf hienen gong in oare rjochting út. Spitigernôch tsjinnet it net mear de mienskip fan brûkers en bydragers — wa yn de earste plak holpen ha de sneuper de bouwen.
Dus kamen wy ta in logyske konklúzje: wy moatte in nije sneuper meitsje. In sneuper foar ússels en foar ús freonen. In sneuper hokker fluch is, mar ek in sneuper mei in soad funksjonaliteit, hege fleksibeliteit en dy't de brûker op it earste plak set. In sneuper dy makke is foar dy.
En sa, Vivaldi is berne.
--Jón S. von Tetzchner
Oersetting nei it Frysk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 2015 wurdt Vivaldi offisjeel stipe yn it Frysk. Der wurdt op it stuit wurke om alle dielen dy net oer te setten wienen, no ek beskikber te krijen foar it oersetten.
De webstee is ek yn it Frysk oersetten.
Fryske staveringshifker
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de staveringshifker wurde de Hunspell/Myspell-wurdlisten dy't op it systeem ynstallearre binne brûkt.