Fiktoriaanske Tiid

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Viktoriaansk tiidrek)
Keninginne Fiktoaria
It Britske ryk yn 1897

De Fiktoriaanske Tiid of it Fiktoriaanske tiidrek wurdt de lange regearingsperioade fan de Ingelske keninginne Fiktoaria (1837 oant 1901) mei oantsjut. De dêrfan ôflate term 'Fiktoriaansk' stiet ek foar de keunststilen, moades, seden en opfettings dy't yn dy tiid benammen yn Grut-Brittanje gongber wienen.

Under Fiktoaria joech Ingelân de toan oan yn de wrâld en wie it Feriene Keninkryk in wrâldryk (Britannia rule(s) the waves). De Yndustriële Revolúsje hie soarge foar in grutte technologyske foarsprong en in bloeiende ekonomy.

Yn de Fiktoriaanske Tiid wiene hja tige keken. It is net om de nocht dat de Fiktoriaanske Tiid bekend stiet as 'de iuw fan de kekenens'.

It wie ek de tiid fan it kolonialisme, ymperialisme en de sosjale ûngelikenens en de tiid dat de streamingen fan de romantyk, it kommunisme en it anargisme ûntstienen.

Eleminten fan de Fiktoriaanske libbenshâlding binne: konservatisme, selsfoldienens, strange fatsoensnoarmen, nochterens en in bytsje gefoel foar humor. De begoedige boarger joech de toan oan; frommens en ynbannigens wienen de deugden dy't elts beoefenje moast; it uterjen fan seksualiteit en erotyk yn it iepenbier wienen taboe.
In skaaimerk fan dy tiid is ek de dûbele moraal op seksueel gebiet (folslein ferskillende noarmen foar man en frou). 'Earberens' wie foar froulju it meast wichtige ideaal. Manlju mochten har wol fermeitsje yn it grut tal ynformele bordelen, dêr't bygelyks Londen fan optilde, at sy it mar net oan de grutte klok hongen. De wolfeart en selsfoldienens fan it boargerdom wurde wjerspegele yn de Fiktoriaanske styl.

Yn it generaal hearske de oertsjûging fan de superioriteit fan de westerske beskaving dy't it 'ûnbeskaafde' part fan de wrâld 'rêde moast fan har barbaarske gewoanten' en it kristendom bringe moast (The white man's burden). In optimistysk foarútgongsleauwe wie de noarm yn Europa en Amearika; dat soe sa bliuwe oant de desyllúzje fan de Earste Wrâldkriich.