Valerius Lodewijk Vegelin van Claerbergen (1774-1844)

Ut Wikipedy
Valerius Lodewijk Vegelin van Claerbergen, 63 jier âld

Valerius Lodewijk Vegelin van Claerbergen (Ljouwert 24 july 1774 - De Jouwer, gemeente Haskerlân, 14 july 1844) wie grytman fan Haskerlân en lid fan de Steaten fan Fryslân.

Valerius wie de soan fan Pieter Benjamin Vegilin van Claerbergen en Louise Albertina van Glinstra. Boaske op 22 april 1798 oan Amelia Anna Maria Vegilin van Claerbergen ( 17 juny 1772 -15 febrewaris 1843), se krigen neist twa jong ferstoarne bern, in soan Pieter Benjamin Johan en 2 dochters. Yn 1814 waard hy opnomd yn de Fryske adel.

Yn 1814 waard er beneamd as frederjochter yn Akkrum. Op 29 augustus fan dat jier waard hy beneamd as lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân foar de ridderskip Haskerlân. Op 29 juny waard hy ûnder ûntslach as frederjochter ta grytman fan Haskerlân beneamd. Doe't troch in reglemintswiziging yn 1925 it tal steateleden werombrocht waard fan 84 nei 54, waard hy by syn earste ôfgean op 1 juny 1827 net werkeazen, mar op 1 juny 1831 furdige de ridderskip fan Fryslân him opnij nei de steaten ôf. Yn 1835 waard hy op eigen fersyk earfol ûntslein as grytman. By syn periodike ôfgean tsjin july 1843 frege hy as steatelid net mear yn oanmerking te kommen en waard op 1 juny ferfongen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: