Unbemanne fleanmasine

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Amerikaansk grûnstasjon foar drones

In ûnbemanne fleanmasine of "drone" (Ingelsk: Unmanned Aerial Vehicle of UAV) is in fleanmasine dy't gjin piloat oan board hat. Se wurde ûnder oaren brûkt troch loftmachten, polysjes, geheime tsjinsten of foar sivile of wittenskiplike doelen.

Ut in grûnstasjon wei kin in ûnbemanne fleanmasine bestjoerd wurde, der binne ek mobile stasjons of ôfstânsbetsjinnings dêr't de drone mei bestjoerd wurde kin. Sawol sivile as militêre drones kinne brûkt wurde foar observaasje troch der kamera's ûnder te hingjen. Sommige militêre drones kinne ek wapensystemen drage. It formaat fan in drone kin aardich wat ferskille. Der binne drones fan in pear sintimeter en der binne drones mei sa'n 60 meter spanwiidte (Boeing Condor).

Yn it Frysk wurdt gauris it wurdsje drone as synonym foar in ûnbemanne fleanmasine brûkt. It wurdsje drone waard fanâlds yn it Frysk oerset as brieder of broedbij (manljusbij). Yn de militêre loftfeart wurdt sa'n ûnbemanne fleanmasine, dy't brûkt wurdt as oefendoel om del te sjitten, ek wol in "drone" neamd.

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Unmanned aerial vehicle en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.