Twadde Deel

Ut Wikipedy

It Twadde Deel (ek wol: Nije Deel) is in feart yn de gemeenten It Hearrenfean en Opsterlân. De feart rint oan de noardkant fan De Deelen op de eardere grins fan Boarnsterhim mei It Hearrenfean yn noard-noardeastlike rjochting, útsein in lyts stikje by de Wide Wjittering dêr't de grins wat noardliker rint. Krekt súdwest fan de Warrewei (N392) krúst it Twadde Deel de grins fan Opsterlân en rint dan in pear hûndert meter troch Opsterlân. Dan rint it wer as de grins, tusken Boarnsterhim en Opsterlân, noch likernôch in kilometer nei it noarden.

De namme Twadde Deel jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwe- of Tweede Deel.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]