Tredde Herfoarme Tsjerke fan Holland

Ut Wikipedy
Tredde Herfoarme Tsjerke

Third Reformed Church

Lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Michigan
plak Holland
adres 111 W. 13th St., Holland, Michigan
koördinaten 42° 47' N 86° 6' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Herfoarme Tsjerke yn Amearika
Arsjitektuer
arsjitekt John R. Kleyn
boujier 1874
boustyl neogotyk
Webside
Side gemeente
Kaart
Tredde Herfoarme Tsjerke fan Holland (Michigan)
Tredde Herfoarme Tsjerke fan Holland

De Tredde Herfoarme Tsjerke fan Holland (Ingelsk: Third Reformed Church of Holland) is in tsjerkegebou oan 'e 111 W. 13th Street yn Holland yn 'e Amearikaanske steat Michigan. De tsjerke waard boud yn 1874 en yn 1971 tafoege oan it National Register of Historic Places.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 1847 Nederlânske ymmigranten harren nei wenjen setten yn Holland, waard der fuortendaliks in Earste Herfoarme Tsjerke stifte. Dûmny wie Albertus Van Raalte. In pear jier letter kaam der ek in twadde herfoarme gemeente, dy't lykwols Ingelsktalich wie en net út ymmigranten bestie. Fanwegen de groei fan Holland troch mear lânferhûzers út Nederlân wiene de beide tsjerken yn 'e jierren 1860 te lyts woarn. Yn 1866 advisearre dûmny Van Raalte om de gemeente fan 'e Earste Herfoarme Tsjerke op te splitsen en sa waard yn 1867 foar it westlike diel fan 'e stêd mei de bou útein set fan in tsjerke foar de tredde herfoarme gemeente fan Holland.

Op 14 febrewaris 1868 waard de tsjerke yn gebrûk nommen. Mar op 8 oktober 1871 waard Holland troffen troch boskbrannen. De brannen holden meardere wiken om de stêd oan en twatredde fan Holland gyng ferlern. De krekt boude tsjerke wie ien fan 'e earste gebouwen dy't der oan leauwe moast. De gemeente hierde foar de weropbou fan 'e tsjerke de lokale arsjitekt John R. Kleyn yn. Ek al gyng it net altiten foar de wyn, de tsjerke koe op 25 novimber 1874 iepene wurde.

De tsjerke ûndergyng yn de jierren 1967-1968 in grutte restauraasje.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It trijemanualige oargel ferfong in âlder ynstrumint út 1928 en op 19 septimber 1982 yn gebrûk nommen. It yntusken tredde oargel fan 'e tsjerke is boud troch Robert L. Sipe (& Associates). Yn 1990 waard it útwreide mei mear registers. David Wilson feroare it ynstrumint yn 2010; guon pipen waarden ferfongen, wylst oaren op 'e nij stimd waarden. It hjoeddeiske oargel besit 35 registers.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Third Reformed Church of Holland