Travian

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Travian is in blêder-basearre kompjûterspultsje dêr't spile wurde kin tsjin oare spilers om de lieding oer in lyts doarp.

Oan it begjin hat it eigen doarp mar ien gebou. Der binne ferskate grûnstoffen nedich yn Travian: hout, klaai, izer en nôt. Foardat de gebouwen útwreide wurde kinne moatte de fjilden bewurke wurde sadat der mear grûnstoffen oanfierd wurde. Der binne ek opslachplakken, mar dy kinne oanfallen wurde troch oare spilers. Dy spilers kinne op alle plakken fan de wrâld wenje, mar spilers dy 't net sa fier fuort wenje binne wichtiger. Troch oarloggen en alliânsjes kin sa in hiel ympearium opboud wurde.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]