Titia Bergsma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jan Cock Blomhoff en húshâlding (Japanske print fan 1817)

Titia Bergsma ( Ljouwert, 13 febrewaris 1786 oan de Nijstêd - De Haach, 2 april 1821), wie de earste westerske frou yn Japan.

Wenne de earse helte fan har frijwat koarte libben troch yn Ljouwert. Hja boaske de Haachske keapman Jan Cock Blomhoff (Amsterdam, 5 augustus 1779 - Amersfoart, 15 augustus 1853) , dy't yn 1816 it Japanske Desima as stânplak krige. Tsjin de regels yn reizge Titia mei har man en soantsje moannenlang troch Japan. Dêrmei kin sy sjoen wurde as de earste Europeeske frou yn dat lân.