Tiberias

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tiberias
طبرية טְבֶרְיָה
Tiberias hotels.JPG
Sifers
Ynwennertal ↑41.300 (2010)
Oerflak 10,87 km²
Hichte - 205 - 245 m
Polityk
Lân Israel
Distrikt Noard-Israel
Oar
Stifting ±20
Koördinaten
Webside www.tiberias.muni.il
ek yn it (in)
Lizzing fan Tiberias yn Noard-israel
Haven fan Tiberias

Tiberias (Hebrieusk: טְבֶרְיָה, Arabysk: طبرية‎) is in stêd yn noard-Israel mei sa'n 41.300 ynwenners[1]. Sa'n 98.3% is joadsk.

De stêd leit oan de westigge fan de Mar fan Tiberias en is om it jier 20 hinne stifte. Tiberias is mei Jeruzalem, Hebron en Safed ien fan de fjouwer hillige stêden foar joaden fan Israel[2].

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Tiberias yn 1934-1939

De stêd waard 17 n.Kr. stifte troch Herodes Antipas, soan fan de mear ferneamde kening Herodes I. Herodes Antipas neamde it plak nei prinseps Tiberius. Sûnt de klassike âldheid is de stêd, dy't yn Romeinsk-Grykske styl boud waard, ferneamd om syn hjitwetterboarnen. Fiskjen op de mar is fanâlds in wichtige boarne fan ynkommen.

Tiberia is ien fan de hillige stêden foar joaden en hat lange tiid it spiritueel sintrum foar de joden fan it lân west. De stêd hat in rike skiednis. Yn it âlde Israel lei it yn it stamgebiet fan Naftaly. Ek hat Tiberias de grêftombe fan de joadske gelearde Maimonides († 1204, Kairo), yn de Ben Zakkai-strjitte, en ek de grêven fan Jochanan ben Zakkai en fan Rabbi Akiva binne yn de stêd. Nei de ferwoesting fan de Timpel fan Jeruzalem waard it Sanhedrin yn de 2e en 3e ieu n. Kr. nei Tiberias oerbrocht.
De Masoreten, dy't in systeem makken om de bibeltekst, mei klinkers betrouber troch te jaan, wienen om 900 à 1000 hinne warber yn Tiberias.
Yn 637 waard de stêd ferôvere troch de Arabieren, mar sy bleau netiiid wol fan joaden bewenne. 1099 waard Tiberias troch de krúsridders oermastere dy't de stêd bemuorren en as útfalsbasis brûkten.

Tiberias is hjoeddedei populêr by Israëlyske en bûtenlânske toeristen. In protte plakken yn de stêd jouwe in moai sicht op de mar, en op de Golanhichten oan de oarekant dêrfan.

Nijsgjirrichheden yn en om Tiberias[bewurkje seksje | edit source]

  • Krúsfarderskastiel
  • Mar fan Tiberias, mei boattochten
  • De strânen yn de stêd en om de mar fan Tiberias
  • De Golanhichten oarekant de mar
  • Sint-Piterstsjerke, set troch krúsfarders
  • De baden fan Tiberias, dy't in nasjonaal park fan Israël binne

Berne yn Tiberias[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 siden "Tiberias" - Israelse Statistiek
  2. Jewish Encyclopedia