Ted Turner

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ted Turner yn 2007

Robert Edward "Ted" Turner III (Cincinnati, 19 novimber 1938) is in Amerikaanse mediamagnaat en pionier fan keabeltelevyzje dy't yn 1980 de wrâldwide nijsstjoerder CNN oprjochte. Hy is de grutste priveegrûnbesitter fan de Feriene Steaten; syn hjoeddeiske fermogen wurdt rûsd op ûngefear 2,3 miljard dollar. Turner waard yn 1991 útroppen ta Man fan it Jier troch it tydskrift TIME.

Ted Turner is ek in bekende filantroop en sporter. Yn 1977 wûn hy de sylrace America's Cup. Hy joech yn 1998 in miljard dollar fan syn fortún om de United Nations Foundation op te setten.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Ted Turner en Bill Burke - Call Me Ted. Grand Central Publishing, 2008 (oersetten yn it Nederlânsk as Zeg maar Ted)
  • Porter Bibb - Ted Turner: It Ain't As Easy as It Looks: A Biography. Virgin Books, 1996
  • Robert Goldberg & Gary Jay Goldberg - Citizen Turner: The Wild Rise of an American Tycoon. Harcourt, 1995
  • Janet Lowe - Ted Turner Speaks: Insights from the World's Greatest Maverick. Wiley, 1999
  • Ted Turner & Gary Jobson - Racing Edge. Simon & Schuster, 1979