Ted Jan Bloemen

Ut Wikipedy
Ted Jan Bloemen
Ted Jan Bloemen yn 2015
Ted Jan Bloemen yn 2015
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ted Jan Bloemen
bertedatum 16 augustus 1986
berteplak Gouda
sportive ynformaasje
sport reedriden
ûnderdiel Langebaan

Ted Jan Bloemen (Gouda, 16 augustus 1986) is in langebaanrider fan Terherne. Hy ried oant seizoen 2007/2008 by de DSB-ridersploech. Yn seizoen 2008/2009 ried Ted-Jan by Gewest Noard-Hollân/Utert ûnder lieding fan Peter Bos, en naam neist Aegon CFE Nederland de sponsoring foar har rekken[1]. Fan seizoen 2009/2010 ôf rydt Bloemen foar APPM[2].

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bloemen debutearre op it WK foar Junioaren yn 2006 dêr't hy as fyfde einige. By it NK Ofstannen 2008 waard Bloemen fiifde op de tsien kilometer wêrmei't hy him foar dizze ôfstân pleatste foar de wrâldbekerwedstriid. Op it NK Allround yn Grins einige hy as fjirde wêrmei't hy him fersekere fan dielname oan it EK Allround yn Kolomna.

Op 17 jannewaris wûn Bloemen de Gruno Bokaal. Op it NK Allround 2010 wist Bloemen him mei in twade plak te pleatsen foar it WK Allround 2010. Hy ried mei 36,87 in persoanlik rekord op de 500 meter[3].

Op it NK Ofstannen 2011 ried Bloemen trije ôfstannen, op de 10 kilometer wist hy him mei in fiifde plak te fersekerke fan in wrâldbekerticket.

By it yngean fan seizoen 2011/2012 gie Bloemen nei it Gewest Fryslân en wûn de 42e Iselcup op de iisbaan De Scheg troch fjirde te wurden op de 500m en de myl te winnen. Op 28 desimber wist hy him te pleatsen foar it EK Riden 2012 op de isbaan Városligeti Müjégpálya ûndanks dat er TVM'er Wouter Olde Heuvel yn de rit op de fiif kilometer hindere hie by it útkommen fan de bocht[4].

Persoanlike rekords[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 500 m - 36,87 ( 19 maart 2010, It Hearrenfean )
  • 1000 m - 1.10,86 ( 21 maart 2010, Calgary )
  • 1500 m - 1.46,52|dag ( 19 maart 2009, Calgary )
  • 3000 m - 3.44,25 ( 21 maart 2006, Calgary )
  • 5000 m - 6.17,07 ( 7 maart 2009, Salt Lake City )
  • 10000 m - 13.11,79 ( 15 maart 2007, Calgary )

Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier NK
Ofstannen
NK
Allround
EK
Allround
WK
Allround
Wrâldbeker WK
Junioaren
2006 24e 1500m
15e 5000m
NC20 5e
Goud efterfolging
2007 14e 5000m NC21
2008   9e 5000m
  5e 10000m
4e 8e 38e 5/10 km
 Goud efterfolging
2009   5e 5000m
  4e 10000m
DNS 1500m 6e 5/10 km
2010   9e 5000m Sulver 4e
2011 11e 1500m
  9e 5000m
  5e 10.000m
5e 35e 5/10 km
2012   7e 5000m
11e 10.000m

Medaljespegel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kampioenskip Goud Sulver Brûns
NK Allround 0 1 0
WK Junioaren 1 0 0

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. "Sponsor voor schaatsers Wennemars en Bloemen" Sporttribune, 2 oktober 2008
  2. "Bloemen tekent contract bij Team APPM" Sportweek, 28 april 2009
  3. "Bloemen bloeit op" Telegraaf, 20 maart 2010
  4. "Kemkers noemt actie Bloemen asociaal" NUsport, 28 desimber 2011