Tana (rivier)

Ut Wikipedy
Satellytfoto fan de Tana

De Tana is in rivier yn Kenia dy't yn de Yndyske Oseaan útmûnet. Mei in langte fan sa'n 800 km. is it de langste rivier fan it lân.

Der binne in tal keardammen yn de rivier lein foar it opwekjen fan elektrisiteit: de Kindarumadaam yn 1968, de Kamburudaam yn 1975, de Gitarudaam yn 1978, de Masingadaam yn 1981 en de Kiambere yn 1988. In stúdzje út 2003 seit dat twatredde fan de stroom yn Kenya opwekt wurdt troch de hydro-elektryske sintrales yn de Tana..[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Tana River, Kenya: integrating downstream values into hydropower planning fan International Union for Conservation of Nature, yn Case Studies in Wetland Valuation nûmer 6. Maaie 2003