Taco Scheltema
Taco Scheltema (Harns, 16 augustus 1766 - Felp, 7 septimber 1837) wie in portretskilder.
Yn Amsterdam folge er koarte tiid lessen yn teken- en skilderkeunst fan de lânskip- en portretskilder P. Piers. Dêrnei bestudearre hy de natoer en de goede modellen yn de galerij fan Dusseldorp. Dêr reizge hy troch Saksen en kaam ek wol yn Amsterdam en te Rotterdam. Hjir skildere hy ûnder oare yn 1794 de grûnlizzers fan it Bataafsch Genootschap van proefondervindelijke wijsbegeerte dat yn de sealen boppe de beurs fêstige wie.
Scheltema skildere meast famyljestikken foar ferskate oansjenlike lju mei libbensgrutte bylden. Net allinnich knibbelsrtikken mar ek ta fuotten út yn wolkeazene groepen, faak mids lânskippen. Hy tekene ek bylden mei swart en wyt kryt yn kleure lânskippen. In tiidlang wurke er op syn bûtenferbliuw Landzigt by Arnhim, dêr't er ek ferstoar. Hy boaske mei Jacomine van Nijmegen en makke de portretten fan syn omke G. van Nijmegen, fan syn heit D. van Nijmegen en fan mannich oaren. Syn portret wurdt bewarre by Van Eynden en Van der Willigen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|