Syltsjesleat (Raerd)

Ut Wikipedy

De Syltsjessleat is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart ferbynt de Bangafeart west fan Raerd mei De Swette by it buorskip Bernsterbuorren.

De namme Syltsjessleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zijltjessloot.