Swevelkopke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Swevelkopke

It Gewoane Swevelkopke (Hypholoma fasciculare, earder ek Psilocybe fascicularis) heart ta de plaatsjesswammen en groeit yn tichte groepen oan de foet fan leaf- of nuddelbeammen yn bosken of plantsoenen. De poddestoel is yn Fryslân tige algemien.

De kleur fan it Gewoane Swevelkopke is swevelgiel mei oranjebrún sintrum en faak mei skiergiele oant donkerbrune flues stikjes (velumresten) oan de râne. De plaatsjes dy't oan de ûnderkant fan de hoed sitte binne gielgrienich en by it âlder wurden donkerbrún. De oant 10 sm lange en kwalik 1 sm. brede stâle fan de poddestoel is swevelgiel mei in swakke ringsône en oan de foet oranjebrún. De hoed hat in trochsneed fan 2-6 sm. De spoaren binne poarperbrún fan kleur.

Giftichheid[bewurkje seksje | edit source]

It Gewoane Swevelkopke smakket tige bitter en is slim fergiftich en kin maklik ferwiksele wurde mei de ytbere Dinneswevelkop (Hypholoma capnoides) en it Stobbeswamke (Kuehneromyces mutabilis).

Bûtenlânske nammen[bewurkje seksje | edit source]

Ingelsk: Sulphur tuft
Dútsk: Grünblättriger Schwefelkopf
Frânsk: Hypholome en touffe, Agaric doré
Italjaansk: Ifoloma fasiculato
Nederlânsk: Gewoon Zwavelkopje

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Hypholoma fasciculare en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.