Springe nei ynhâld

Swarte spjocht

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Swarte Spjocht)
swarte spjocht
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift spjochteftigen (Piciformes)
famylje spjochten (Picidae)
skaai iiktimmerspjochten (Dryocopus)
soarte
Dryocopus martius
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
It lûd fan in swarte spjocht dy't oan it timmerjen is.

De swarte spjocht (Dryocopus martius) is in 50 sm grutte fûgel út de famylje fan de spjochten. De swarte spjocht is de grutste specht fan Jeropa en is wer te kennen oan syn swarte fearren mei de reade kap. It wyfke hat allinich in reade nekke; by it mantsje rint it reade plak oer de hiele kop. De snaffel en poatten binne griis.

Oare Fryske namme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De swarte spjocht wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as wâldspjocht.

De swarte spjocht komt foar yn Noard- en Midden-Jeropa, benammen yn grutte bosken mei grutte, âlde beammen mei in protte fermôge hout. Trochdat de produksjebosken fan West-Jeropa foar dizze spjocht te min iten opsmite is it dêr in selsume fûgel wurden.

Aai fan 'e swarte spjocht.

Hy libbet fan ynsektenlarven dy't yn it hout libbenje. By it itensykjen hakket er somtiden grutte stikken hout út de fermôge stammen om by de insektelarfen te kommen. Ek mei er graach eamels ite.

De swarte spjocht makket syn nêst sels, troch yn in beam in 40 sm djip gat út te hakjen. As beam foar it nêst wurdt meastentiids yn bûk útsocht, mar ek nuddelbeammen wurde wol brûkt. It wyfke leit yn april sa'n 3-5 porslein-wite aaien. De aaien wurde troch beide âlders yn 12-14 dagen útbret. De jongen bliuwe sa'n 24-28 dagen yn it nêst foardat se útfleane. Ek hiernei wurde se noch in skoft troch de âlden fuorre.