Sundsvall (stêd)
Appearance
Sundsvall | ||
Bestjoer | ||
Lân | Sweden | |
Län | Västernorrlands län | |
Gemeente | Sundsvall | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 58.065 (2016) | |
Oerflak | 27,39 km² | |
Befolkingsticht. | 1.355 / km² | |
Hichte | 0-240 m | |
Oar | ||
Stifting | 1621 | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
(in) Sundsvall |
Sundsvall is de haadstêd fan de gemeente Sundsvall yn it lânskip Medelpad en de provinsje Västernorrlands län yn Sweden. Mei 58.065 ynwenners (2016) is Sundsvall de tredgrutste stêd fan it lânsdiel Norrland. De stêd oan de Botnyske Golf leit 395 km noarlik fan Stokholm.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 25 juny 1888 waard Sundsvall troffen troch de grutste brân yn de skiednis fan Sweden. Fan de stêd wie oan de ein fan dy dei net in protte mear oer, mei't hast alle huzen fan hout wienen en it fjoer him dêrom ienfâldich útwreidzje koe. Der waard besletten dat Sundsvall op 'e nij opboud wurde moast, mar no út stien. Om dy reden krige it sintrum letter de bynamme Stenstad (Frysk: 'Stienstêd').
Stedsbyld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Utsjoch oer Sundsvall
-
Winkelstrjitte
-
Fan de Noarderberch (Norra Berget, 141m) ôf sjoen
-
De E4 yn Sundsvall
Berne yn Sundsvall
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Helen Sjöholm (1970), sjongster en aktrise
- MyAnna Buring (1979), aktrise
- Yohio (1995), sjonger en gitarist
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (swd) (in) (dú) Toerisme yn Sundsvall