Sulveren Krystbal
Appearance
De Sulveren Krystbal is de kultuerpriis fan Snits. De ûnderskieding wurdt alle jierren útrikt oan immen dy't him op it mêd fan muzyk en kultuer foar Snits en omkriten ynset hat. Ornaris wurdt op de sneon nei Kryst it Oaljekoekenkonsert fan Rolling Home holden. Op dat konsert wurdt dan troch dejinge dy't in jier earder de Sulveren Krystbal ûntfongen hat de nije Krystbal útrikt.
Untfangers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2019 - Lieuwe Toren, eardere direkteur fan Cultuur Kwartier
- 2018 - Douwe Visser, skûtsjeskipper
- 2017 - Showkorps Advendo
- 2016 - Teäter Snits - Ben van der Knaap
- 2015 - Bob Reek - muzykman
- 2014 - Harm Rozenberg, "Mister Waterpoort", mei-oprjochter fan Rolling Home.
- 2013 - Hans Faber, foaroanman fan Rolling Home, foar syn wurk foar it koar, en benammen wat er dien hat foar it iepenloftspul De Drie Gebroeders.
- 2012 - De Blauhúster Dakkapel
- 2011 - Wiesje Jansma, regisseurske fan ûnder oaren Hoe no, Robin Hood, wat de Gouden Gurbe wûn hie.
- 2010 - Riek Landman
- 2009 - Jan de Wreede
- 2008 - Yde van Dijk
- 2007 - Bennie Hoogstra, 25 jier tamboer-majoar fan Advendo
- 2006 - Yede van Dijk, toanielspiler
- 2005 - Maaike Schuurmans, musikalstjer
- 2004 - Henk van der Veer, skriuwer
- 2003 - Diba Concerts: Bauke Algera en Dick Jaarsma
- 2001 - Coen Dijkstra, Advendo
- 2000 - Steven de Jong, regisseur
- Jan de Wreede, ynstrukteur Advendo
- Dave Tearney, lieder Rolling Home
- Anne Oosterhaven, dirigint
- Dirk Donker, organist
- Riek Landman
- Theo Wiersma