Advendo (Snits)

Ut Wikipedy

Advendo út Snits, is in drum en showfanfare. It is ien fan de ferneamste showbands fan Nederlân. It korps is oprjochte yn 1946 en hat mei in protte sukses optredens fersoarge yn hiel Jeropa en fier derbûten. Ek op it Wrâldmuzykkonkoers yn Kerkrade boekte it korps grutte suksessen. Sa waarden de Snitser muzikanten leafst twa kear wrâldkampioen op 'e marsparade. Ek de jongerein fan de Showband kin der wat fan. Sy waarden leafst 7 kear efterinoar jeugdkampioen fan Nederlân en ek wiene se alris showkampioen fan de Stardivision op it WMC.

It korps bestiet út ferskate groepen, sa bin der de showkids, de musickids, Jong Advendo mei in eigen colourguard en showgirlgroep, it ferneamde Advendo en tsjintwurdich ek noch in eigen slachwurkgroep, Afslag-Sneek. As lêste waard yn 2008 de groep T-Brass oprjochte.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]