Streekpaden

Ut Wikipedy
Paadwizer Streekpaad
Oersjoch fan de Nederlânske Streekpaden

Streekpaden binne regionale rekreative kuierpaden tusken de 80 en 365 km lang. De streekpaden binne lykas de GR-Paden yn etappen opdield. Yn Flaanderen wurde sokke paden dan ek Streek-GR neamd.
In streekpaad is meastentiids in sletten rûte, oftewol in rûte dêr’t it begjin- en einplak itselde binne. In fariaasje dêrop is WaddenWandelen (SP 4) dy't bestiet út losse rûten op 'e eilannen. It bekendste streekpaad yn Fryslân is it Alvestêdepaad (SP 19).

Paadwizers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De streekpaden binne yn beide rjochtingen mei in giel-read teken markearre mei stikkers, oanbrocht mei ferve op dykmeubilêr, yn kuiergidsen en op it webstee fan Wandelnet beskreaun. It is oan te riden gebrûk te meitsjen fan sa’n gids as de webstee om’t de paadwizers yn it fjild wol ris ferdwine. It basisteken jout de rûte oan, en wurdt nei ferrin fan tiid werhelle om oan te jaan dat jo noch op it rjochte paad binne. In rjochting oanpassing wurdt oanjûn mei in pylkje.

List fan streekpaden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Streekpaden yn Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Streekpaden yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Brabânsk Fennenpaad
  • Brabânske Wâlpaad
  • Drintepaad
  • Graafschappaad
  • Griene Hertpaad
  • Hânzestedepaad
  • Krytlânpaad
  • Maas & Peellinypaad
  • Maas Nederrynpaad
  • Easterskeldepaad
  • Skoltenpaad
  • Streekpaad Nimwegen
  • Utertpaad
  • Feluwe Swalkpaad
  • Westfryske omringdykpaad


Streekpaden yn Belgje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Streek-GR Dijlelân
  • Streek-GR Griene Gurdel
  • Streek-GR Hagelân
  • Streek-GR Haspengouw
  • Streek-GR Kempen
  • Streek-GR Mol-Om
  • Streek-GR Ulenspegel
  • Streek-GR Flaamkse Ardennen
  • Streek-GR Waas- en Reynaertlân


Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om útens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]