Strafrjocht

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It strafrjocht is it rjocht dat him dwaande hâldt mei de berjochting fan fertochten fan strafbere feiten.

Opdieling[bewurkje seksje | edit source]

Strafrjocht wurdt yn it algemien opdield yn twa parten: it materieel strafrjocht en it formeel strafrjocht. It materieel strafrjocht hâldt in tal fan ferboaden en geboaden yn, de strafbere feiten. Op it oertrêdzjen fan in gebod of ferbod stiet straf. It formeel strafrjocht hannelet oer hoe't in berjochting/proses yn syn wurk giet en oer de boargen om it strafproses hinne.

Partijen[bewurkje seksje | edit source]

Yn it strafrjocht giet it net oer in skeel tusken ferskate (rjochts-)persoanen, mar tusken de oerheid en in (rjochts-)persoan. Oan it iepenbier ministearje, in oerheidsorgaan, is it ferfolgjen fan strafbere feiten opdroegen. It iepenbier ministearje is yn in strafproses dêrom de tsjinpartij fan in (rjochts-)persoan. Dy persoan, dy't oantsjut wurdt as de fertochte, kin him bystean litte troch in abbekaat.

Taak fan de strafrjochter[bewurkje seksje | edit source]

De wichtichste taak foar de strafrjochter is om te sjen oft der yn elts spesifyk gefal troch it iepenbier ministearje ofdwaande bewiis levere is om in fertochte te feroardielen. Is dat der net, dan moat de fertochte frijsprutsen wurde. De rjochter hâldt fierder tafersjoch oer it proses tsjin de fertochte, dat earlik en yn oerienstimming mei it jildende rjocht ferrinne moat. Fierder sjocht de rjochter ûnder mear of der yn de omstannichheden fan in gefal rjochtfeardiging of skuldútslúting fûn wurde kin. Sûnder skuld kin gjin straf oplein wurde.

Straffen[bewurkje seksje | edit source]

De strafrjochter hat kar út ferskate straffen, wêrfan de ûndersteande de wichtichste binne:

Fierder binne noch in tal fan bykommende straffen mooglik.