Stefano Nones Orfei

Ut Wikipedy
Stefano Nones Orfei
artyst en/of kabaretier
persoanlike bysûnderheden
echte namme Stefano Nones Orfei
nasjonaliteit Italjaansk
berne 1966
berteplak ? (Itaalje)
etnisiteit Italjaansk
wurkpaad
wurksum as sirkusartyst, dompteur,
sirkusdirekteur
offisjele webside
www.moiraorfei.it/la_famiglia/...

Stefano Nones Orfei (1966) is in Italjaansk sirkusartyst en dompteur.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nones Orfei waard yn 1966 berne as de soan fan Moira Orfei en Walter Nones. Hy is boaske oan 'e aktrise Brigitta Boccoli.

Stefano Nones Orfei is ferbûn oan it famyljesirkus, Moira, dêr't er no mei direkteur fan is. Hy docht dêr as artyst fral optredens mei hynders en mei tigers, mei as bysûnderheid in wite tiger, mar ek wol mei oare, somtiden tige eksoatyske bisten. Dêrfoar hat er by it sirkusfestival fan Monte Carlo ferkate prizen wûn. Nones Orfei hat lykwols ek optreden op 'e hege koarde, oan 'e trapeze en op 'e trampoline.

Nones Orfei wurdt ek út en troch frege foar in rol op tillefyzje, en hy wie yn 2006-2007 by it Italjaanske tillefyzjeprogramma Reality Circus de beglieder fan 'e kandidaten dy't sikusacts learden.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: