It oarspronklike stasjonsgebou fan Oosterbeek waarde iepene yn 1878, in ienfâldich rjochthoekich stasjonsgeboutsje mei ôfrune hoeken en lytse luifel oan 'e perronkant. Yn 1900 kaam der op it noardlike perron in gelikens gebouke.
It gebou waard yn 1970 ôfbrutsen en wat oerbleau wiene allinne in tal abry's, in iepen fytsestalling mei fytsklûzen, en in pear parkearplakken.