Standertmandarynsk

Ut Wikipedy
Sineesk ferkearsboerd yn it Mandarynsk

It Standertmandarynsk is in standardisearre foarm fan it Sineesk-mandarynsk. Wurden yn it mandarynsk wurde net bûgd, ynstee dêfan binne der fjouwer toanen. It mandarynsk hat lûdrike wurde, lykas gǒu (foar hûn) en māo (foar kat). De mandarynske wurden yn dit artikel binne yn it Pinyin skreaun, mar de taal wurdt yn Sina mei it tradisjonele skrift skreaun, of mei in ienfâldigere ferzje fan dat skrift.

Simpele sin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is gjin bûgingsferskaat yn it mandarynsk, dat in simpele sin is yn it mandarynsk sa opboud: ûnderwerp + it stelde + foarwerp.

Foarbyld: Gǒu shòuliè miányáng. betsjut De/in hûn jaget/it skiep., mar letterlik oerset Hûn jaget skiep.

Freegjende sinnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjir binne in pear foarbylden fan freegjende sinnen yn it mandarynsk:

Zhè shì shénme? (letterlik oerset Dat wêze wat?) betsjut Wat is dat?

Zhè shì shénme dòngwù? (letterlik oerset Dat wêze wat dier?) betsjut Hokfoar in dier is dat?

Shénme síhòu? (letterlik oerset Wat tiid?) betsjut Wannear?


At der oars gjin freegjend foarnamwurd yn de sin sit, brûkt men ma efter de freegjende sin, om sjen te litten, dat dy sin in freegjende sin is:

Nǐ gàosù. (letterlik oerset Do prate.) betsjut Do praatst.

Nǐ gàosù ma? betsjut Praatsto?


Toanen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fjouwer toanen.

De earste toan is heech, de twadde toan is opgeand, de tredde is djip (earst ôfgeand, dan wer opgeand) en de fjirde toan is hiel koart en ôfgeand. At men in wurd mei in oare toan útsprekt, dan betsjut dat gauris wat oars. Bygelyks it wurd "ma":

1. Toan: of māma betsjut mem

2. Toan: betsjut himp

3. Toan: betsjut hynder

4. Toan: betsjut skelle

De toanleaze ma brûkt men oan 'e ein fan in fraach, as der oars gjin freegjend foarnamwurd is. (it foarbyld stiet hjir!)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]