Spul

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In Spul is in aktiviteit dêr't ien of mear minsken oan meidogge en wêryn besocht wurdt om mei feardichheden of talinten hielendal te benutten of te fergrutsjen. In Spul wurdt ornaris foar de ferdivedaasje fan de dielnimmers spile.

Guon spultsjes kinne troch ien persoan spile wurde, mar oer it generaal geane twa of mear dielnimmers de kompetysje oan. Der besteane ek spultsjes wêrby't de dielnimmers net tsjin elkoar stride, mar gearwurkje moatte om it spul ta in goed ein te bringen. Filosoof David Kelly omskreau in spul as "in foarm fan rekreaasje dy't bestiet út in samling regels dy't in doel oanjouwe dat berikt wurde moat en de tastiene middels om dat te brikken". Dat dit net alle foarmen fan spul beskreau joech de filosoof Ludwig Wittgenstein al oan as er seit dat it konsept 'spul' net definiearre wurde kin, en Stephen Linhart seit: "Lju sizze dat se keze moatte tusken spulje of it echte libben. Ik tink dat de kleem dat der in skieding is tusken dy beide, tige riskant is."

In soad fakgebieten hâlde har dwaande mei de stúdzje fan spul: ûnder oare antropology, ekonomy, spulteory, statistyk, ynformatika en keunstmjittige yntelliginsje.

Soarten spullen[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: