Sosinianisme

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Faustus Socinus.

Sosinianisme is de lear neamd nei Faustus en Laelius Sosinus dy't de trije-ienheid en de godheid fan Kristus loochenen.

It Sosinianisme kende in hege wearde ta oan de rede, ferdigene de wilsfrijheid. Fierders bestried it de predestinaasjegedachte en de gongbere sakremintsopfetting en drong oan op praktysk kristendom.

De opfetting waard yn Fryslân fûleindich bestriden troch ûnder oaren Franciscus Elgersma, Jacobus Oldenburg en Gerard van Velzen. De dopersken waarden fan sosianisme fertocht, dy hienen fan 1672-1722 in betreklike frijheid hân en wienen frij machtich yn tal.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Socinianisme
  • W.J.Kühler - Het socinianisme in Nederland (Leien, 1912)
  • J.C. van Slee - De geschiedenis van het socinianisme in Nederland (Haarlim, 1914)