Sopwith Triplane

Ut Wikipedy
Sopwith Triplane


Rol Jachtfleantúch
Makker Sopwith Aviation Company
Untwerper Herbert Smith
Earste flecht 28 maaie 1916
Yn tsjinst Desimber 1916
Ut tsjinst
Tal makke 147
Grutste brûkers Royal Naval Air Service, Aéronautique navale

De Sopwith Triplane wie in Britsk iensits jachtfleantúch ûntwurpen en boud troch de Sopwith Aviation Company yn de Earste Wrâldoarloch. It wie de earste militêre trijedekker dy't operasjoneel ynset waard.

De Triplane waard ûntwikkele troch de eksperimintele ôfdieling fan it bedriuw as in privee-ûndernimming, it projekt waard laat troch de ûntwerper Herbert Smith. Ofsjoen fan it dúdlike ferskil yn fleugelkonfiguraasje, hie it tastel in soad oerienkomsten mei it suksesfolle twaddekkerjager fan it bedriuw, de Sopwith Pup. It prototype fan de Triplane makke syn earste flecht op 28 maaie 1916 en waard twa moanne letter nei it Frânske front stjoerd, dêr't it in soad lof rispe foar syn útsûnderlike klimfaasje en grutte manûvrearberens. Ein 1916 begûn de searjeproduksje fan it type yn antwurd op oarders fan de admiraliteit. Begjin 1917 kamen produksje-eksimplaren fan de Triplane by squadrons fan de Royal Naval Air Service oan.

De Triplane waard al gau en as in sukses beskôge troch de squadrons dy't dermei fleagen. Ek de piloaten fan de tsjinpartij, Keizerryk Dútslân, wiene bot ûnder de yndruk fan de prestaasjes fan de Triplane. De Dútsers bestudearren de Triplane yngeand fia bútmakke tastellen en produsearre koart dêrnei withoefolle trijefleugelige fleantugen. Nettsjinsteande dat waard de Triplane yn relatyf lytse oantallen boud yn ferliking mei de mear konvinsjonele Sopwith Pup. Der waard besletten om de Triplane út aktive tsjinst te nimmen doe 't der yn de twadde helte fan 1917 hieltyd mear Sopwith Camel-tastellen oankamen. Oerbleaune Triplanes bleaune yn tsjinst as operasjonele trainers en eksperimintele fleantugen oant moannen nei de ein fan it konflikt.

Technyske gegevens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Parameter Gegevens
Bemanning 1
Lingte 5,96 m
Spanwiidte 8,09 m
Fleugeloerflak 25,4 m²
maks. startgewicht 643 kg
Topfaasje 186 km/o
Tsjinstplafond 6080 m
Klimfaasje 5 m/s
Fleanberik 450 km
Oandriuwing 1 × rotaasjemotor Clerget 9 B fan 130 hk (97 kW)
Bewapening 1 × Vickers-masinegewear

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]