Slot Frederiksborg
Slot Frederiksborg | ||
kastiel | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
regio | Haadstêd | |
adres | Frederiksborg Slot 10 3400 Hillerød | |
koördinaten | 55° 56' N 12° 18' E | |
Skiednis | ||
boujier | 1581 (renovaasje 1860-1884) | |
Oars | ||
boustyl | renêssânse | |
Webside | ||
Hiemside Deensk Nasj.hist. Museum | ||
Kaart | ||
Slot Frederiksborg (Deensk: Frederiksborg Slot) is in wetterslot yn Hillerød op it Deenske eilân Seelân. It slot is it grutste en belangrykste bouwurk fan de Noardlike renêssânse en leit op in opeinfolging fan trije eilannen oan de westlike kant fan de slotmar. Yn it slot is it Deenske Nasjonaalhistoaryske Museum ûnderbrocht. De barokke tún fan Johan Cornelius Krieger waard tusken 1720 oant 1725 oanlein en yn de jierren 1990 neffens âlde tekenings rekonstruearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste boarnen fan it slot geane werom op 1275, doe't it bekend stie as Hillerødsholm en yn besit wie fan de famylje Gøye. Doe't kening Freark II berne waard wiene Birgitte Gøye en Herluf Trolle de eigners fan it lângoed. Yn 1550 liet Freark II in oerienkomst mei de eigners slute dat hy it lângoed krige yn ruil foar it Skovkloster (dat letter de namme Herlufsholm krige) yn Súd-Seelân.
Freark II liet it lânhûs fergrutsje en joech it de namme Frederiksborg (boarch fan Freark). Under de tafoegings dy't de kening bouwe liet wie ek in muorre op it suden, dy't it lângoed fan de stêd skiedde. It wichtichste noch besteande gebou út de tiid fan Freark II is it badhûs yn it park. It waard foltôge yn 1581 yn renêssânsestyl en tsjinne yn de simmermoannen as it jachthûs fan de kening, dy't foar syn jachtpartijen fjilden en bosken besiet yn it noarden fan Seelân.
Frearks soan, Kristiaan IV, liet it measte fan it slot wer slope en joech Hans van Steenwinckel de Aldere de opdracht om yn de jierren 1600-1625 in nij slot te bouwen. Yn 1599 waard it âlde slot ôfbrutsen en nei de dea fan Hans van Steenwinckel yn 1601 foltôgen syn twa soannen Hans en Lorenz de opdracht.
It fjouwer ferdjippings tellende gebou mei trije fleugels waard om 1610 foltôge, mar it wurk oan de tsjerke gyng noch oant 1618 troch. It hiele kompleks wie om 1620 hinne klear. Nei de dea fan Kristiaan IV hie it slot foar it measte in represintative funksje.
Yn 1659 yn de Twadde Noardske Kriich (1655–1660) namen Sweedske troepen it slot yn. By de Sweedske besetting brûkte de Sweedske keninginne Hedvig Eleonora fan Holstein-Gottorp it slot. Yn dy tiid ferdwûnen de measte keunstwurken út it slof as kriichsbút nei Sweden. De orizjinele Neptunusfontein fan Adriaen de Vries stiet tsjintwurdich yn de tunen fan it Drottningholm Paleis bûten Stockholm. Oare keunstwurken lykas skilderijen kamen yn it Skokloster Slot telâne. Ek yn it Nasjonale Museum fan Sweden binne noch keunstwurken dy't ôfkomstich binne út Frederiksborg. Dêrûnder de luifel fan Freark II, dy't ûnder lieding fan Hans Knieper troch in groep wevers út Flaanderen makke is.
Yn de slotkapel waarden alle Deenske keningen en keninginnen fan 1671 oant 1840 kroand, útsein Kristiaan VII.
Yn july 1720 waard it Ferdrach fan Frederiksborg tekene, wêrmei't offisjeel in ein kaam oan de Grutte Noardske Kriich (1700–1721) tusken Sweden en Denemark-Noarwegen.
De brân fan 1859
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kening Freark VII brûkte yn de jierren 1850 it slot op 'e nij as residinsje en wylst er dêr yn de nacht fan 16 desimber 1859 wie woed er him werom lûke op in keamer op de tredde ferdjipping. It wie in kâlde nacht en hy frege om him in fjoer te meitsjen yn de keamer. De skoarstien wie lykwols yn reparaasje en dat feroarsake brân. De mar wie beferzen en it iennige wetter kaam út de leidings, dat it fjoer grypte gau om him hinne en it hiele gebou stie yn in pear oeren tiid op in pear romten nei en de Slotkapel yn 'e lôge.
Der gyng in soad ferlern mar mear as 300 skilderijen koene op 'e tiid út it slot helle wurde en binne no útstald yn it museum. De rekonstruksje fan it slot wie mooglik troch publike ynskriuwings en jeften fan sawol de kening as de steat. De bydrage fan filantroop Jacob Christian Jacobsen fan de brouwerij Carlsberg makke it mooglik dat it museum yn it slot ûnderbrocht koe wurde. Yn 1882 waard it museum iepene.
De restauraasje fan it gebou sette yn 1860 útein op basis fan de âlde tekenings út argiven en detailearre skilderijen en tekenings fan Heinrich Hansen. Under lieding fan de arsjitekt Ferdiand Meldahl krige it slot it oarspronklike oansjen werom. Fan de troch Adriaen de Vries makke Neptunisfontein, dy't by de besetting fan it slot troch Sweden as kriichbút meirôve wie, liet Jacobsen in kopy meitsje.
Museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Museum fan Frederiksborg waard by keninklik dekreet op 5 april 1878 oprjochte en op 1 febrewaris 1882 foar it pyblyk iepene. De oarspronklike kolleksje wie basearre op de skilderijen dy't by de brân redden waarden. Mei help fan it Jacobsen-fûns waard de kolleksje al gau útwreide mei oare kulturele keunstwurken lykas skilderijen en meubilêr. De folgjende tritich jier boude it museum in kolleksje op fan portretten fan de meast wichtige persoanen yn de skiednis fan Denemark. De portrettenkolleksje is de grutste fan it lân.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Ynterieur Slottsjerke
-
Grutte Hal
-
Audiïnsjekeamer
-
Slotpark
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Frederiksborg Castle
|