Slingeraap

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Slingeraap is in aktiviteit wêrby't mei in tou oer in brede feart slingere wurde moat. It wurdt simmerdeis sûnt 1983 hâlden yn Akkrum. Boppe De Boarn hinget oan in grutte kraan in slingertou. Dielnimmers moatte yn dit tou springe en sa fier mooglik op de oare wâl delkomme. It rekord stiet op ûngefear 16 meter.

It Frysk Kampioenskip Slingeraap lûkt altyd in soad minsken, der wurde ek faak televyzjeopnames fan makke. Der meie net mear as 230 dielnimmers meidwaan. er komme ek in protte fierljeppers op ôf. Der wurdt sprongen yn 4 kategoryen. Lykas by in soad aktiviteiten yn Akkrum leverje de bruorren Anker it wedstrydkommentaar.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels