Slach om Aken
Appearance
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Slach om Aken wie in gefjocht dat oktober 1944 yn de Twadde Wrâldkriich plakfûn yn en om de Dútske stêd Aken. Yn 1939, doe't de kriich begûn, hie de stêd sa'n 160.000 ynwenners. Foar it gefjocht binne lykwols sa'n protte minsken útnaaid dat der noch mar 20.000 oer wienen by de oankomst fan de Amerikanen. De stêd waard troch goed 5.000 Dútske troepen ferdigene, laat troch kolonel Gerhard Wilck. Dizze troepen wiene eleminten fan de 3de Pantserdifyzje en in tal Waffen-SS-striidkrêften.