Sinleas geweld
Appearance
Dizze side giet oer it maatskiplik fenomeen sinleas geweld. Sjoch Sinleas geweld (roman) foar de roman fan Trinus Riemersma. |
Sinleas geweld is geweld brûkt sûnder dat dêrfoar in goede reden is.
Omskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gefallen fan sinleas geweld binne meast misdriuwen mei oermjittich geweld om in ûnbenullicheid, tsjin hast likefolle wa. Mei trochdat der soms deadlike slachtoffers by falle, feroarsaket sinleas geweld in soad maatskiplike ûnrêst, wat utere wurdt yn stille tochten foar de slachtoffers.
Term
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De term sinleas geweld waard húsriem yn 1997, nei oanlieding fan de moard op Meindert Tjoelker. Der kaam rillegau krityk op, om't it wurd sinleas oanjout dat der oare foarmen fan geweld wêze moatte dy't al sinfol binne.
Fryske slachtoffers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is net in kriterium oanjout dat in misdriuw sinleas geweld wie, mar dizze minsken wurde algemien sjoen as slachtoffers fan sinleas geweld:
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- [1] - Offisjele webstee oer sinleas geweld