Meindert Tjoelker

Ut Wikipedy

Meindert Tjoelker (Hoarn, 14 jannewaris 1967 - Ljouwert, 13 septimber 1997) wie slachtoffer fan sinleas geweld.

Dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meindert Tjoelker en trije fan syn freonen seagen op 13 septimber 1997, syn frijfeintedei, dat fjouwer mannen yn de binnenstêd fan Ljouwert in fyts yn it wetter smieten. Doe't Tjoelker dêr wat fan sei bruts in gefjocht út tusken de acht. Hjirby skopten de fjouwer him dea.

Fûnis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 24 desimber 1998 waarden de twa wichtichste fertochten yn heger berop feroardiele ta twa-en-heal jier finzenisstraf. De tredde waard ta 180 oeren tsjinstferliening feroardiele, wylst de fierde fertochte 13 april 1999 frijsprutsen waard.

Neitins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn septimber 1998 waard yn Ljouwert op it plak fan it gefjocht in tinkstien foar Meindert Tjoelker ûntbleate.