Springe nei ynhâld

Simke Rinkes

Ut Wikipedy

Simke Heerts Rinkes, (De Jouwer, 18 desimber 1829 - Arnhim, 8 july 1865) wie in Nederlânske learaar âlde talen, konrektor en skoalopsjenner.

Simke wie de soan fan de begoedige Jouster nôthanneler Jan Jans Rinkes en Antsje Wielinga. Omdat syn âldere bruorren al yn de saak fan harren heit sieten, soe Simke foar dûmny leare. Neidat er Latyn studearre hie by de Jouster predikant Jarigs Wassenaar gie hy trije jier yn de kost by de konrektor fan it Ljouwerter Gymnasium, Jan Dirks Ankringa. Neist lessen fan Ankringa krige hy les fan de preseptor dr. J.G. Ottema en fan dr J.C G. Boot. Rektor J.C.G. Boot hie in grutte ynfloed op him.

Fan 1848 oant 1854 gie Rinkes nei de literêre fakulteit fan Leien, dêr 't er him oan de literatuer wijde, en net oan de teology. Yn 1854 helle hy as kandidaat yn de Letteren in sulveren medalje by in troch de Utertske fakulteit útskreaune priisfraach Crimine Ambitus et de Sodaliciis apud Romanos. In jier letter folge syn beneaming as twadde preseptor oan it Leienske gymnasium. Yn 1856 promovearre hy op Disputatio philologica de Oratione prima in Catilinam a Cicerone abjudicanda. Dit proefskrift waard rillegau bestriden troch syn syn foargonger E.J. Kiehl en syn eardere learmaster professor Boot. Yn 1857 waard Rinkes beneamd as konrektor fan it gymnasium yn Arnhim. Dêr waard hy meiwurker fan it tydskrift foar klassike literatuer Mnemosyne. Dit tydskrift wie yn 1852 oprjochte troch Ernst Julius Kiehl, E. Mehler en S.A. Naber en soe letter fuortset wurde troch Cobet, Bake en oaren. Rinkes holp dyselde Bake mei de bewurking fan dy syn Scholica Hypomnemata. Yn de jiergong fan 1855 bespruts Rinkes de Disputatio antiquaria de Fetialibus fan P.J.N. Wessels (Grins, 1854). Yn it lêste nûmer fan de sânde jiergong besocht hy ûnder de titel Verisimilia (437-453) eenige bedorvene plaatsen út de oraasjes fan Cicero te ferbetterjen. Yn it tsiende diel skreau hy de Q Asconio Pediano in Ciceronis orationes commentariis emendandis. Dit stik soe hy letter in ferfolch jaan.

Yn 1859 waard Rinkes fan preseptor yn Leien beneamd as skoalopsjenner yn it earste distrikt fan Gelderlân. Yn dy funksje sette er him yn foar de oprjochting fan de Arnhimske kweekskoalle foar ûnderwizeressen en it tafersjoch op it 'Fonds voor weduwen en weezen van onderwijzers in de provincie Gelderland'. Rinkes wie lid van de Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde. Hy troude mei de âldste dochter fan in Leienske predikant, Cornelia van Iterson, en krige mei har trije bern. Rinkes stoar op 35-jierrige leeftyd oan de tarring en liet syn frou efter mei fjouwer jonge bern, dêr't sy jongste fan ek noch ôfstean moast.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: