Sibearyske tsjilling
Appearance
(Trochferwiisd fan Sibearyske Tsjilling)
Sibearyske tsjilling | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Sibirionetta formosa | ||||||||||||
Georgi, 1775 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast trochtrekker |
De Sibearyske tsjilling (Anas formosa) is in fûgel út it monotypyske skaai fan de Sibearyske tsjillingen.
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sibearyske tsjilling is in lytse Aziatyske ein. Mei in 40-43 sm lingte is der krekt wat grutter as de piiptsjilling, hy waacht in 500 gram. De jerke hat in tige opfallende kop mei grien, giel en swarte flakken.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sibearyske tsjilling briedt meast by de grutte rivieren fan East-Sibearje lykas de Jenisej. De ein oerwinteret op marren yn Sina en Japan.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sibearyske tsjilling begjint meast ein maaie te brieden. De nêsten wurde yn it gers op de kant fan it wetter makke, it nêst wurdt mei dûns beklaaid. De 6 oant 10 aaien wurde yn 26 dagen útbret.