San Juan
Ut Wikipedy
| San Juan | ||
| San Juan | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 395.326 (2010) | |
| Oerflak | 199,2 km² | |
| Befolkingstichtens | 1.984 / km² | |
| Polityk | ||
| Lân | Feriene Steaten | |
| Territoarium | Puerto Riko | |
| Oar | ||
| Stifting | 1521 | |
| Tiidsône | AST (UTC-4) | |
| Koördinaten | ||
| Webside | www.sanjuan.pr | |
San Juan is de haadstêd fan Puerto Riko oan de noardkant fan it eilân. Yn de stêd wennen 422.665 minsken, yn de stêdekloft wenje sa likernôch 2,5 miljoen, om 2000 hinne. De stêd is stifte troch Spaanske kolonisten yn 1521 dy't de stêd Ciudad de Puerto Rico ("Rike Havenstêd") neamden. Nei Santo Domingo, de haadstêd fan de Dominikaanske Republyk, is San Juan de twadâldste stêd yn de Amerika's dy't troch Europeanen stifte is.
It ynternasjonale fleanfjild San Juan (Aeropuerto Internacional Luis Muñoz Marín) leit 5 km súdeastlik fan de stêd.
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
- San Juan Municipal Legislature
- Universiteit fan Puerto Rico: Rio Piedras Campus
- Universiteit fan it Hillich Hert
- The San Juan Star
- El Nuevo Dia
- El Vocero
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory San Juan, Puerto Rico fan Wikimedia Commons. |