Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen

Ut Wikipedy
Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen
South Georgia and the South Sandwich Islands
flagge wapen
geografyske lokaasje
algemien
gebietsdiel fan Feriene Keninkryk
pol. status oerseesk gebiet
haadstêd King Edward Point
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 30 (2006)
befolkingstichtens 0,005 / km²
oerflak 3.903 km² (ynkl. wetter)
bykommende ynformaasje
muntienheid Pound sterling (GBP) (£)
tiidsône UTC-2
tillefoan +500
ynternetekstinsje .gs
webside www.sgisland.gs

Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen binne in kloft eilannen oan de râne fan de Skotiasee yn de súdlike Atlantyske Oseaan, hja foarmje in ûnderdiel fan de Skotiarêch.

De eilannekloft is in oerseesk gebietsdiel fan it Feriene Keninkryk en wurdt fanút de Falklâneilannen bestjoerd (ôfstân: 1455 km). De eilannen wurde ek klaimd troch Argentynje en wiene ynset ûnder de Falklânoarloch. Oarspronklik wiene de eilannen yndield by de Falklâneilannen, mar yn 1985 waarden Súd-Georgje en de Súdlike Sandwich eilannen as in apart territoarium foarme.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alhoewol't de eilannen op it heden gjin permaninte befolking hawwe, waard Súd-Georgje yn de 19e iuw as útfalsbasis brûkt foar de walfiskfeart. Sûnt 1908 binne de eilannen yn Britske hannen en oant 2001 hiene de Britten dêr in lytse basis fêstige. Dy basis wurdt tsjintwurdich brûkt foar permanint wittenskiplik ûndersyk. Ek is der in biologysk ûndersyksstasjon fêstige op Fûgeleilân.

Geografyske yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geografysk wurde de eilannen sa yndield:

Keppelings om utens[boarne bewurkje]

Keppeling(s) om utens: