Roumantel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Roumantel
Nymphalis antiopa3.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Aureliaflinters (Nymhalidae)
soarte
Nymphalis antiopa

De Roumantel (Nymphalis Antiopa) is in soarte yn it skaai fan de Roumantels (Nymphalis).

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De Roumantel stiet op de reade list oanjûn as ferdwûn. It is dan ek in beskerme soart. Dat nimt net wei dat der alle jierren wol in pear swerfflinters sjoen wurde. Soms oerwinterje se ek yn Nederlân. Yn 1995 wie der sels sprake fan in ynvaazje. Ek yn 2006 binne der in soad roumantels sjoen. It is noch ôfwachtsjen oft se har fêstige hawwe. Faak binne se te finen by boskrânen, iepen plakken en brede paden yn'e bosk. It is in swermlustige soarte.

De flinter[bewurkje seksje | edit source]

De flinter is maklik wer te kennen. De wjuklingte is likernôch 30 oant 35 mm. Flinters dy't oerwintere hawwe, hawwe in wite râne om de wjukken. De flinter oerwinteret op plakken der't er droech sitte kin, lykas holle beammen en grotten.

Fleantiid: Fan ein maart oant mids septimber. De Roumantel fleant altyd yn ien generaasje.

Rûp[bewurkje seksje | edit source]

De rûp kin 55 mm lang wurde. It liif is swart mei fine wite stipkes. Op de rêch hat er brune plakken. De toarns binne lang en swart. De rûpen libje in grutte groepen byelkoar yn rûpenêsten. Folwoeksen rûpen libje allinnich. De groeiperioade fan de rûp is yn de foarsimmer.

De rûp fret: wylch, popelier, bjirk en prunus.

De Roumantel.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]