Springe nei ynhâld

Reytse Ayses

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Reytse Aysesz)

Reytse Ayses (? - 23 april 1574) wie de lêste meniste martelder yn Fryslân.

Reytse waard op 18 septimber 1573 ferret yn syn wenplak Aldeboarn en finzen nomd. Fuortendaliks waard hy nei Ljouwert brocht en op 23 april 1574 ta de dea feroardiele. Dyselde jûns waard hy ferdronken yn de 'Pinichtoer' (fan de Blokhûspoarte).

Yn it boek Martelaarsspiegel út 1685 fan Van Braghts wurdt wiidweidich oer him skreaun. Hjiryn stiet syn folsleine fûnnis, mar ek syn ferhoaren. Dy steane yn acht brieven fan Ayses oan syn frou, âlden en freonen fan de menniste gemeente.