Pybba fan Mersia

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pybba fan Mercia)

Pybba (sa. 570 – tusken 606 en 615) (ek wol Pibba, Wibba, Wybba) wie in betide kening fan Mersia. Hy wie de soan fan Creoda en heit fan Penda en Eowa.

Guon genalogyen jouwe 570 as syn bertejier, it begjin fan syn bewâld yn 593 en syn dea soe yn 606 of 615 west hawwe, mar wier bewiis is der net; de Angelsaksyske Kronyk neamd him allinne as heit fan Penda.

Neffens de Historia Brittonum hie Pybba 12 soannen.[1] Cearl fan Mersia, in oare Mersjaanke kening wurdt troch Beda neamd, en soe Pybba syn opfolger west hawwe kinne, mar oer syn ferhâlding mei Pybba is fierders neat oer bekend. Pybba's soan Penda waard letter kening; neffens de kronyk soe dat yn 626 west hawwe, mar Bede suggerearret dat it earst nei de slach fan Hatfield Chase yn 633 west hat.

Neist Penda en Eowa (de soannen dêr't de skriuwer fan Historia Brittonum fan seit dat Pybba dêr de bêste ferhâlding mei hie[1]), hie Pybba sa't it skynt ek in soan mei de namme Coenwalh. Alle keningen fan Penda oant Ceolwulf, wurdt fan sein dat hja neisieten fan Pybba wienen, at it no fia Penda, Eowa, of Coenwalh wie.

Pybba soe ek in dochter hân hawwe dy't net by namme neamd wurdt. Faaks wie sy de earste frou fan Cenwalh, kening fan Wesseks (648-674).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Historia Brittonum, haadstik 65.