Py (letter)

Ut Wikipedy
De haadletter en lytse letter py.

De py (haadletter Π, ûnderkast π, Gryksk: π) is de sechtjinde letter fan it Grykske alfabet. π' is it Grykske sifer foar 80 en ,π foar 80 000 (in komma foar de letter jout in tûzental oan). Der is in oare skriuwwize fan de lytse letter py, dy't liket op de lytse letter omega: .

De py wurdt útsprutsen as /p/, lykas yn papa.

Wiskunde[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de wiskunde stiet lytse letter py (π) foar it getal 3,1415926535897.... Sjoch py. De haadletter pi (Π) wurdt brûkt om in produkt oan te jaan en wurdt dêrom it multiplikaasjeteken neamd.