Pronkriden
Ut Wikipedy
It pronkriden is in typysk Nederlânske manier fan reedriden dy't ûntstien is rûn de sechstjinde ieu. It pronkriden is ien fan de âldste foarmen fan it reedriden yn Nederlân. By it pronkriden giet it der om in sa moai mooglike rydslach sjen te litten. It is de bedoeling dat op de redens lange slaggen makke wurde en riden wurdt yn in floeiende, rêstige, en lykmjittige slach. Der binne by it pronkriden ferskate ûnderdielen: sa wurdt der twa-oan-in-stok of yn blokken fan fjouwer, seis of acht persoanen riden.
[bewurkje seksje] Materiaal
Foar it pronkriden binne redens mei in koarte, brede, rûnslipe izers nedich.
[bewurkje seksje] Wedstriden
Der wurde wol wedstriden ferriden lykas yn de winter fan 2009/2010 by Hylpen Mar it pronkriden wurdt foaral sjoen as in folkloristyske aktiviteit.