Prins Hendriksoard

Ut Wikipedy
Prins Hendriksoard

Prins Hendriksoard is in bûten mei lânskipstún oan de Soestdikerwei yn Den Dolder oan de kant fan Lage Vuursche.

De bûtenpleats Ewijckshoeve fan 574 hektare waard op 10 july 1871 iepenbier kocht troch Prins Willem Frederik Hendrik. Doe't hy op 13 jannewaris yn Lúksemboarch ferstoar, kaam de Ewijckshoeve yn besit fan kening Willem III en prinses Wilhelmina. It gedielte benoarden fan de Soestdikerwei waard yn 1883 fan de Ewijckshoeve ôfsplitst en kaam yn hannen fan de bankier A. Boissevain. Hy liet op it terrein in bûtenferbliuw bouwe mei in Ingelske lânskipstún. Op it terrein besuden fan de Soestdikerwei kaam in grut koetshûs mei stâl en tsjinstwenning.

It lângoed waard yn 1926 yn trije stikken splitst. It koetshús mei stâl en wenningen kaam mei in grut terrein yn hannen fan it Nederlandsche Jongelingsverbond, dat it pân ferbouwe liet ta tehûs en it omdoopte yn Ernst Sillem Hoeve. It terrein noard fan de wei waard yn twaen splitst: Prins Hendriksoard sels mei it park en it nije lângoed Vijverhof, dat kocht waard troch G.H. Crone út Amsterdam.

Prins Hendriksoard kaam yn hannen fan it Nederlânske Protestantenbûn. It is no in herstellingsoard Geastlike Sûnenssoarch.

Vijverhof

Op it lângoed Vijverhof fan ein 19e iuw is in park fan 52 hektare oanlein mei in soad lânsfrjemde beammen. Yn it noardlike diel fan de Vijverhof leit in einefiver mei eilantsje. Dizze plasse wie der by de oanlis fan it lângoed net, mar is fan 1980. Mei't it lângoed yn in brede leechte fan de stuwâl leit leit, is it frijwat wiet. De wetterpartijen en fennen op it lângoed wurde benammen fieden troch reinwetter, wêrtroch't in soere, fiedselearme biotoop ûntstiet. Yn 1999 is de wiete biotoop útwreide. De eienepoel hat flauwe ouwers krigen, it eilantsje is natoerliker makke en fan it persiel dernjonken is de fruchtbere boppelaach ôfhelle. Sa ûntstie in soer miljeu, gaadlik foar de ûntwikkeling fan fochtige heide.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]