Postkoets

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De diligence sil hast ôfsette
Gotthard-Postkoets (Type Berliner mei kap), 1849 oant 1881. Spesjaal útrist foar reizgjen oer berchpassen

In postkoets is in troch hynders lutsen reau (koets) foar it ferfier fan post en reizgers. Postkoetsen riden tusken posthaltes, plakken dêr't de hynders, koetsiers en reizgers ite, drinke en rêste koene en dêr't men yn- en útstappe koe.

De basis fan it lettere postkoetsesysteem yn Jeropa is al lein doe't de Romeinen in netwurk fan diken oanleine foar it hurd oerbringe kinnen fan berichten en troepen.

Sûnt 1489 fersoarge de aadlike famylje Von Thurn und Taxis yn opdracht fan de keizer fan it Hillige Roomske Ryk in netwurk fan koerierstsjinsten dat in grut part fan Jeropa bestruts.

Yn Nederlân waarden postkoetstsjinsten yn de 18e ieu en de 19e ieu fersoarge troch de firma Van Gend & Loos. Yn de 18e ieu waard ek it komfort fan de postkoets ferbettere, benammen in bettere fearring makke it reizgjen nofliker. Dizze lúksere postkoets waard doe diligence neamd. Op de meast net ferhurde diken waarden de passazjiers nammentlik ûnhuerich troch elkoar skodde, dat men kaam faak út de liken op it plak fan bestimming oan.

Foar de komst fan it spoar hie Jeropa in wiidweidich netwurk fan postwegen. It spoar hat yn de 19e ieu de postkoets folslein ferkrongen, om't de trein folle hurder koe en de reizger mear komfort krige.