Port Moresby

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Port Moresby
Sintrum Port Moresby
Sintrum Port Moresby
Sifers
Ynwennertal 307.643 (2009)
Oerflak 240 km²
Befolkingstichtens 1.281,8/ km²
Hichte 35 m
Polityk
Lân Papoea Nij-Guineä
Provinsje Nasjonaal Haadsteedlik Distrikt
Oar
Stifting 1873
Tiidsône Australyske Tiid, AEST (UTC+10)
Webside Offisjele webside fan Port Moresby

Port Moresby, is de haadstêd fan Papoea Nij-Guineä. De stêd leit yn it Nasjonaal Haadsteedlik Distrikt, dat bûten de provinsjale yndieling fan it lân falt. It plak leit oan de kust fan de Golf fan Papûa, oan de súdeastkust fan it eilân Nij-Guineä.

De wyk Koki

It plak dêr't de stêd stifte waard wie al ieuwen lang bewenne troch it Motu-Koitabu-folk. De earste Europeaan dy't it seach wie kaptein John Moresby yn 1873. It plak waard neamd nei syn heit, admiraal Sir Fairfax Moresby. Earst tsien jier fêstigen de Britten har dêr. Yn 1909 kaam Britsk Nij-Guineä by it nij stifte Commonwealth of Australia en krige doe de namme Papûa. Oant 1941 groeide Port Moresby mar stadich. De measte groei wie yn it havenpart fan de stêd dêr't de fasiliteiten stadichoan better waarden. De earste slachter en grienteman iepenen har saak yn 1909, elektrisiteit kaam der yn 1925 en wetterlieding yn 1941.

Neffens in ûndersyk nei leefberens fan stêden troch de Intelligence Unit fan it blêd The Economist, is Port Moresby ien fan de stêden yn de wrâld dêr't it minst noflik tahâlden is (it stiet op nûmer 137 fan de 140 ûndersochte stêden op de list).

Bekend is de National Capital Botanical Gardens, in botanyske tún.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]