Poarperstreekparlemoerflinter

Ut Wikipedy
poarperstreekparlemoerflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai moarmerparlemoerflinters
   (Brenthis)
soarte
Brenthis ino
Rottemburg, 1775
IUCN-status: net bedrige

De poarperstreekparlemoerflinter (Brenthis ino) is in soarte yn de famylje fan de aureliaflinters (Nymhalidae).

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Froeger wiene der lytse populaasjes in Limburch mar dy binne in de rin fan de jierren ferdwûn. De flinter hâldt fan matich fiedselrike rûchten en greiden mei rivierkes. De poarperstreekparlemoerflinter is noch te finen yn de Ardennen en Eifel. It is in honkfêste soarte.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as ferdwûn út Nederlân.

De flinter is yn 2006 1 kear sjoen.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wjuklingte is 17 oant 22 mm. De boppekant is oranje krektas by de Grutte Parlemoerflinter. De Poarperstreekparlemoerflinter is lykwols in stik lytser. De ûnderkanten fan de efterwjukken binne giel mei in fiolette bân mei donkere ringen.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fljocht fan begjin juny ôf oant begjin augustus. De poarperstreekparlemoerflinter fljocht yn ien generaasje.

Rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De groeiperioade fan de rûp is yn it foarjier en yn de foarsimmer. It aaike fan de flinter oerwinteret.

De rûp fret fan de wyld geiteburd.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]