Springe nei ynhâld

Pear fan Weerdinge

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pear fan Weardinge)

It Pear fan Weerdinge binne twa feanliken dy't op 29 juny 1904 troch feanarbeider Hilbrand Gringhuis[1] fûn binne yn it Weerdingerfean[2] by Weerdinge yn Drinte. De feanliken lizze no yn it Drintsk Museum yn Assen.

Nei de fynst waarden de lichems oerbrocht nei it lykhûs op it begraafplak fan Nieuw-Weerdinge; de liken waarden oprôle en yn in kistke stoppe.[2] Earst waard der fan útgien dat it om in man en in frou gie, mar resint DNA-ûndersyk hat útwiisd dat it om twa manlju giet mei elk in oare mem. Yn it earstoan stie de fynst dan ek wol bekend as pear fan Weardinge en yn de folksmûle ek wol as it pear Feanstra.
De feanliken datearje út de lette izertiid. De deadsoarsaak fan it rjochter feanlyk is mooglik in messtek yn 't boarst. Hast alle bonken binne fergien. Wol binne in tal yngewanten bewarre bleaun. Dat komt troch de soeren dy't yn it fean sieten.

  • Famke fan Yde, froulik feanlyk út deselde perioade as wêryn it pear fan Weerdinge libbe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Website Drents Museum
  2. 2,0 2,1 Gerding, M & Hillinga, H. (2007). Het Drenthe Boek. Swol: Waanders Uitgevers.