Pauwenburch

Ut Wikipedy

Pauwenburch is in bûten yn Brommegea by It Oranjewâld. It waard stifte troch de Oenema's.

De famylje fan Haren kocht de Pauwenburch yn 1569. Ernst van Haren wie troud mei Catherina fan Oenema. Hy liet it bûten oanlizze. Catherina fan Oenema erfde yn 1646 in buorkerij by de Pauwenburch fan har omke kolonel Jacques Oenema. Dêrnei wreide se it út troch oankeap fan neistlizzende perselen. Pauwenburch hie in sear regelmjittich 17e-iuwske túnoanlis mei in renêssansistyske ynrjochting mei in yndieling yn lytse fekken. Om it terrein hinne wie in bosksingel en it waard trochsnien mei 'allees'. Yn de 19e iuw ferdwynt de lytsskaligens, mar it geografysk karakter bliuwt.

Yn 1772 is it fan Willem fan Haren syn soan Ernst. Letter fan dy syn soan Duco en dan fan dy syn neef Onno Zwier van Haren en yn 1759 kocht troch Menno Coehoorn fan Scheltinga. Ek de maire fan Mildaam Daniël de Blocq fan Schelinga hat der wenne. Mr. Hans Willem De Blocq van Scheltinga wenne yn 1830 noch op 'Pauwenburch'. Fan 1831 - 1834 hierde Jan Berends Wouters it fan him. It is ôfbrutsen en yn 1841 waard op de fûneminten in nij lanhûs boud. Dat waard yn 1975 ôfbrutsen.

Der hearde eartiids yn it noardlike diel fan de bosk fan Pauwenburch in grêfkelder by. It wie in heuvel mei in mitsele kelder deryn. Der lei in grêft omhinne en berikber troch in brêge of in daam en wie mei in stek ôfsluten fan de omjouwing. De earste, dy't begroeven waard yn de grêfkelder fan Pauwenburch wie Wikje Minnema de With, de earste frou fan Hans Willem de Blocq van Scheltinga.