Paul G. Comba

Ut Wikipedy

Paul G. Comba (Tunis, 1926 - 5 april 2017) wie in Italjaansk-Amerikaansk kompjûterwittenskipper en amateur-astronoom. Hy ûntdiek 682 asteroïden en kaam dêrmei op plak 27 yn 'e list mei asteroïdeûntdekkers.

Yn 1946 gong er mei in leeftyd fan 20 jier mei in stipendium nei it California Institute of Technology, dêr't er yn 1951 promovearre yn 'e wiskunde. Nei syn stúdzje ferhuze er nei Hawaï en joech dêr wiskunde lessen oant 1960. Dêrnei gong Comba nei softwareûntwikkelder IBM. Hy ûntwikkele in kompjûterprogram dy't de namme Comba-Multiplication krige. Yn krige Comba 2003 de Leslie C. Peltier-priis foar syn fertsjinsten yn 'e astronomy.

Hy is de skriuwer fan de Astronomical League's Asteroid Club Observing Guide en hy wie lid fan de Prescott Astronomy Club.

Comba stoar yn de âldens fan 91 jier.

De asteroïde (7636) Comba is nei him neamd.